IIskostokjeboat midstwa

07 mrt 2012 - 16:11

De iiskostokjeboat is woansdei by it út it wetter heljen yn twaen brutsen. It lei by it Aquaverium yn Grou. De boat, Thor, is in pear jier lyn boud troch Robert McDonald en bestiet út fyftjin miljoen iiskostokjes. De bouwer skonk it skipke oan it Aquaverium.

It soe as boarterstastel brûkt wurde, mar dat is noait bard. It skip is dêr fol wetter kommen te stean en heal sonken. De kâns dat Thor ea wer farre soe, wie al lyts. By it út it wetter takeljen die bliken dat yn de sydkant fan de romp in grutte skuor sit.

Trefwurden: 
iisstokjesboat Aquaverium
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)