Oerlêst troch mar by Himpens
De nijbou fan de Ljouwerter wyk Suderbuorren soarget foar problemen by huzen oan de Skoaldyk yn it oangrinzjende Himpens. De nij oanleine mar soarget dêr foar wiete fuotten.
Seker mei bluisterich waar ha de Himpensers lêst fan it hege wetter. De golven slane tsjin ruten oan en stikken tún spiele fuort. De gemeente wol no daamwanden pleatse.