Gouden Harp foar De Kast
De Fryske popgroep De Kast en tekstskriuwster Belinda Meuldijk binne de winners fan de Gouden Harpen 2001. Dat makke muzykorganisaasje Conamus moandei bekend.
De Gouden Harpen binne prestisjeuze ûnderskiedings foar artysten en komponisten dy't har fertsjinstlik makke hawwe foar de Nederlânske lichte muzyk.