FNP: 'Hermans moat fuort'

10 feb 2002 - 00:00

FNP-lieder Jan van der Baan fynt dat minister Hermans fan ûnderwiis 'fan it toaniel ferdwine moat'. Van der Baan is lulk op Hermans fanwege foarstellen op it ministearje om it Frysk te degradearjen fan ferplichte oant frij fak. As it ryk dat trochset komt der in stoarm oan Fryske protesten, neffens Van der Baan.

Neffens de FNP set Hermans de klok 65 jier tebek, wêr't it om it Frysk giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)