Puttense saak yn Ljouwerter hôf

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter gerjochtshôf begûn moandei oan de 'Puttense moordzaak'. It hôf moat útsykje oft de twa sweagers healwei njoggentiger jierren ûnterjochte feroardiele binne. Se binne feroardiele foar ferkrêfting en moard op in frou.
Nei tsien jier finzenis kamen der nije feiten boppe wetter. It hôf moat de saak no wer op 'e nij besjen. Der wurde 32 tsjûgen heard.