Oerfal yn supermerk Wolvegea

10 feb 2002 - 00:00

In kassjêre fan in supermerk yn Wolvegea is sneontejûn mei in fjoerwapen bedrige. In ûnbekende man soe plestik berneskuontsjes betelje, mar easke doe ynienen it jild út de kassa.

De kassjêre, in famke fan santjin jier út Wolvegea, die dat. Se wie op dat stuit allinne yn de winkel. Undersyk yn de omjouwing hat neat oer de fertochte opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)