Advysgroep gear oer de Fûgelpits

© Omrop Fryslân
As de Fûgelpits op lange termyn bestean bliuwe kin, is in trochstart fan it fûgelopfangsintrum mooglik. Dat is in ôfspraak dy't deputearre Heldoorn mei in advysgroep makke hat.
Heldoorn wie op persoanlike titel mei in rêdingsaksje begûn om't er him it lot fan de bisten oanlûkt. De advysgroep besjocht dit healjier de mooglikheden en eksploitaasje fan it sintrum.