SC Heerenveen wint út fan AZ

10 feb 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

SC Heerenveen hat sneon mei 0-2 wûn fan AZ yn Alkmaar. De doelpunten kamen op rekken fan de Sweden Allbäck en Selakovic. Mei de oerwinning hâlde de Friezen oansluting mei de top fan de earedivyzje.

De lêste tweintich minuten hie Foppe de Haan tsien man op it fjild te stean. Gerard de Nooijer krige fanwegen hands in reade kaart.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)