Sint Piter is no al yn Grou

09 feb 2002 - 00:00

De Grousters kenne gjin gjin Sinteklaas yn desimber. Lykas altyd komt Sint Piter yn febrewaris yn it Fryske doarp oan. Fol ferwachting seagen de bern nei syn komst sneon út. Mei Fryske flachjes yn de hân hieten se de âlde man wolkom.

Hoewol't Sint Piter syn jierdei pas 21 febrewaris hat, wie de bêste man no al yn Grou oankommen. Neffens de organisaasje hat dat mei fakânsje te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)