'Minder lytse partijen'

© Omrop Fryslân
Minder lytse partijen soe better wêze foar de bestjoerskultuer. Dat sei PvdAriedslid Ten Hoeve by in debat fan syn partij. Neffens him soenen de riedsgearkomsten in stik libbener wurde as der minder ienmansfraksjes wienen.
In oar neidiel fan de lytse partijen is dat se gjin tiid ha om de buert yn te gean. De Partij van de Arbeid fynt dat kontakt no krekt wol belangryk.