Drankwein fan 'e dyk

08 feb 2002 - 00:00

By Jirnsum is freedtemoarn in frachtwein fan de dyk rekke. De wein, laden mei seis ton drank, kaam oan de Alde Oeriselsedyk yn de sleat telâne. De bestjoerder koe sels út de kabine komme en mankearde neat.

De frachtwein moast mei twa takels út de sleat wei helle wurde. Fanwege de wurksumheden hat de dyk in skoft ôfsletten west foar ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)