Gemeente tsjin fergunning Frima

© Omrop Fryslân
As it oan Frjentsjerteradiel leit, krijt Frima gjin nije fergunning foar sâltwinning. It sâltfabryk hat in nije fergunning oanfrege by it ryk.
Der is in soad opskuor oer de Frima, om't it winnen fan sâlt foar boaiemdelgong soargje soe. De gemeente sil har beswieren by it ministearje kenbaar meitsje, mar leit har der by del as it ryk wol in fergunning ôfjout.