Koffer mei falsk jild
In ynwenner fan It Hearrenfean (55) is tongersdei by de poat nommen by hotel Tjaarda yn Oranjewâld. Mei in Frânsman hie er sakendien en de manlju soene koffers mei jild útwikselje op it parkearterrein.
De Frânsman smiet syn koffer nei de Fries en luts him syn koffer út 'e hân. It die bliken dat de Fries mei falsk jild ôfskipe wie.