De Boer: hoop foar Blokhúspoarte
Boargemaster De Boer fan Ljouwert jout de striid foar De Blokhúspoarte net op. In mearderheid fan 'e Twadde Keamer stimde tongersdei foar de sluting fan it gefang. It CDA hie in moasje tsjin de sluting yntsjinne.
De finzenis moast ticht fan Minister Korthals fan Justysje. De Boer tinkt dat de minister op syn eardere beslút weromkomme sil.