'Sleep minister foar rjochter'

07 feb 2002 - 00:00

De provinsje Fryslân moat ferkearsminister Netelenbos foar de rjochter slepe. Dat wol CDA-fraksjefoarsitter Jan Ploeg. Hy ûndersiket op it stuit de juridyske mooglikheden foar in proses. Oanlieding hjirfoar is de útspraak fan de minister dat se net wit wannear't de ferdûbeling fan 'e Wâldwei klear wêze sil.

It CDA wol it ryk no fia de rjochter oan de earder makke ôfspraken hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)