Kadavers djoerder foar boeren

07 feb 2002 - 00:00

Boere-organisaasje NLTO is lilk op minister Brinkhorst fan Lânbou om't hy wol dat de boeren mear betelje foar de ferneatiging fan kadavers. Boeren moatte tenei neist de kosten foar it opheljen, ek betelje foar it kadaver. De prizen sille sa yn 2003 fiif kear sa heech wurde. In dead lam kostet dan 13,5 euro.

De NLTO is benaud dat de kadavers yllegaal begroeven wurde troch de ferheging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)