Halbertsma lilk op gemeente

© Omrop Fryslân
Palletfabryk Halbertsma yn Grou is lilk op de gemeente. Dy hat plannen makke foar nijbou op it terrein fan it fabryk. Mar Halbertsma wol net ferhûzje.
De gemeente sit no yn in kantoar dat earder by it fabryk hearde. By de bou fan it nije gemeentehûs komt dy romte frij. De gemeente wol de romte, ek op it terrein fan Halbertsma, brûke foar bou fan wenningen.