Feest yn Wurdum

© Omrop Fryslân
Gitte de Kroon is tiisdei fjouwer jier wurden. Dêrom mocht se woansdei foar it earst nei skoalle. Reden foar feest op de Uniaskoalle yn Wurdum. Want Gitte wie de hûndertste learling, wylst it tal al jierren om de 50 hinne leit.
Tagelyk is it feit dat de bern gimmestykles ha yn doarpshûs De Golle gjin reden foar feest. It gebou moat foar 450.000 euro opknapt wurde.