Brutale oerfal op coffeeshop

06 feb 2002 - 00:00

In coffeeshop op It Hearrenfean is tiisdei op brute wize oerfallen. Sân of acht manlju stoden de saak yn, guonts mei bivakmûtse op en mei in pistoal. Se sloegen de eigner (35) op 'e holle.

Doe't it slachtoffer lûd begûn te razen naaiden se út fia de Munnikstrjitte. De plysje hat in auto fûn dy't mooglik mei de oerfal te krijen hat. De oerfallers hawwe neat meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)