Mear tegels tsjin sinleas geweld

© Omrop Fryslân
Op trije plakken yn de Ljouwerter binnenstêd komme trije stoeptegels tsjin sinleas geweld. Earder woe de gemeente dat net om't it net by de werynrjochting passe soe.
De tegels binne in inisjatyf fan de lanlike Stichting tsjin Sinleas Geweld. Har symboal, in ingeltsje (leavehearsbistke), komt op de tegels. Der lizze al fyftjin sokke tegels by buerthuzen.