Jefte foar opknapbeurt Blijenhof

05 feb 2002 - 00:00

De Blijenhof yn Burgum kriget 45.000 euro fan de Rabobank Burgum-Eastermar. Sneon oerlanget direkteur Benedictus it jild yn 'e foarm fan bakstiennen oan boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel.

It jild is bedoeld foar in opknapbeurt fan it opfangsintrum. Yn it 40-jierrich bestean is it gebou útwenne. Der is mei-inoar 4 miljoen euro nedich.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)