Klaaihokjes Nannewiid sloopt

© Omrop Fryslân
De klaaihokjes fan natuerswimbad It Nannewiid by Aldehaske binne tiisdei sloopt. Dêrmei komt in ein oan in lange histoarje. Tûzenen ynwenners fan Aldehaske en It Hearrenfean hawwe it swimmen leard yn it Nannewiid.
De hokjes waarden allang net mear brûkt. Op it plak lit rekreaasjesintrum Nannewiid seis sjalets delsette. Se binne foar de ferkeap en de ferhier.