Aldi-oerfal is optocht
De oerfal op de Aldi op 'e Jouwer fan moandeitemoarn is yn sêne set. De 35jierrige bedriuwslieder út Easterwâlde is deselde deis troch de plysje oanhâlden. Hy hat bekend.
De plysje krige al rillik gau yn 'e rekken dat syn ferhaal net doogde. Op guon punten spruts er himsels tsjin. It grutste part fan 'e tûnzenen euro's bút is by man thús weromfûn.