Nije technyk tsjin tumoaren

© Omrop Fryslân
MCL-súd yn Ljouwert hat foar it earst de Radio Frequency Ablation-technyk útfierd foar it behanneljen fan leverkanker. De nije metoade is in súkses. Tumoaren wurde mei in nulle fuortbaarnd. Earst wurdt in echo makke om te bepalen wêr't de tumoaren sitte. Dochs kinne net alle tumoaren sa fuorthelle wurde.
It RFA-systeem waard fiif jier lyn útfûn yn Texas, yn Amearika.