Piter Wilkens sjongt Noardfrysk

04 feb 2002 - 00:00

Piter Wilkens hat dit wykein yn NoardFryslân trije ferskes yn it Mooringer Frasch (Noardfrysk) songen: E wäi tuhüs (It paad werom), Dikschäip (Dykskiep) en Blin (Blyn). It hiele optreden waard opnommen troch de Noardfryske radio.

It optreden fan Wilkens yn it doarp Risem-Loonham luts in folle seal. Fjirtjin fans út ús Fryslân wiene de 'Westfriesischer Rockstar' Wilkens efterneireizge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)