Grutte brân yn Noardwâlde

04 feb 2002 - 00:00

In grut loadsekompleks yn Noardwâlde is sneintenacht folslein útbaand. De brân ûntstie eefkes nei tolven. It kompleks tsjinne as opslach fan ûnder oare meubels en hoarekaguod.

Foar safier bekend binne der gjin skealike stoffen frijkommen. De brânwacht is moandei de hiele dei oan it neiblussen. De oarsaak fan 'e brân is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)