Ynze Stienstra wint Oranjerin

03 feb 2002 - 00:00

158 hurdrinners litten sneon de trouplechtichheid yn Amsterdam oan har foarby gean en diene mei oan de DZ&PCrin yn Drachten. Foar de gelegenheid wie dy diskear omdope yn de Oranjerin.

Ynze Stienstra wie de fluchste op de heale maraton. De man út Wergea gong nei 1.19,54 oer de einstreek. By de froulju rûn de 43-jierrige atlete Titia Visser út Drachten it hurdst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)