Dak fan pleats Jorwert ôf waaid

02 feb 2002 - 00:00

Fan in pleats yn Jorwert is freed it heale dak ôf waaid. It fee moast yn feilichheid brocht wurde, mar dat slagge net fuortdaliks. De brânwacht kaam der by om help te bieden by de evakuaasje fan it fee.

Troch de hurde wyn koe it dak it net mear hâlde. De kij, sa'n 20 stiks, koene net earder evakuearre wurde nei't de boel stutten wie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)