Roosendaal wint op Weissensee

01 feb 2002 - 00:00

De alternative Alvestêdetocht op 'e Weissensee yn Eastenryk is wûn troch Miel Roosendaal. Hy hie 5 oeren, 32 menuten en 7 sekonden nedich foar de 200 kilometer. Hans van de Wetering waard twadde, René Ruitenberg tredde.

Bert-Jan van der Veen wie de bêste Fries mei in fyfte plakje. Yep Kramer waard fjirtjinde. Peter de Vries kaam net fierder as it fyftjinde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)