Nije CAO glêstúnbou

© Omrop Fryslân
Der leit in prinsipe-akkoart foar in CAO yn de glêstúnbou.Dat hat sawat in jier op him wachtsje litten. Benammen it fleksibel ynsetten fan wurknimmers wie in stroffelstien. Ofpraat is no dat de ôfspraken dêroer út de âlde CAO jilden bliuwe. Wurknimmers kinne sa net ferplichte wurde om op sneon te wurkjen.
De leanen geane yn de rintiid fan de CAO mei sân prosint omheech.