Coopmanshûs krijt nije direkteur

© Omrop Fryslân
Rienk Terpstra fan Ljouwert wurdt de nije direkteur fan museum It Coopmanshûs yn Frjentsjer. Hy folget dêrmei Germa van Heerbeek op, dy't direkteur wurdt fan de Fryske Keunstútlien.
Terpstra wurke oant no ta by de provinsje op de ôfdieling kultuer. Hy moat him no bûge oer de húsfesting fan it Coopmanshûs. De 53-jierrige Terpstra is foarearst beneamd foar in jier.