RWS wol rykswei 31 oanpakke
Rykswettersteat is tongersdei nei bûten kaam mei plannen om de rykswei 31 tusken Surch en Harns oan te pakken. Yn in saneamde startnotysje wurde fjouwer mooglikheden foarsteld. Dêryn is ûnder oare sprake fan in ferdûbeling fan de dyk en it skieden fan twa inkelde rydstroken troch in middenberm mei fangrail.
Gebrûkers en omwenjenden kinne oant 4 maart op de notysje reagearje.