Gjin alternativen wynmûnepark

31 jan 2002 - 00:00

De provinsje Fryslân sjocht gjin alternativen foar it wynmûnepark by de Ofslútdyk. Deputearre Jansen sei dat woansdei yn Den Haach tsjin de fêste keamerkommisje Romtlike Oardening.

Neffens Jansen is dat plan it ienichste dat Fryslân te bieden hat. Mocht Den Haach it plan fersmite dan is dat 'jammer maar helaas', mar dan hâldt it foar ús op, sa sei de deputearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)