Grien ljocht foar Pehlemann
It Pehlemann Kennissintrum yn Boalsert kin in trochstart meitsje. De gemeenteried hat tiisdei unanym besletten om it ynstitút iepen te hâlden. Dat kostet 1,3 miljoen gûne. In oare mooglikheid wie om it kennissintrum, dat pas oardeljier bestiet, fallyt te ferklearjen.
De feriening foar Kristlik Fuortset Underwiis nimt it ynstitút ûnder it bewâld.