Mear meldings bernemishanneling
Ien op de 152 bern yn Fryslân siket help om't er mishannele wurdt. Opmerk- lik is dat dit sifer lanlik sjoen leger leit. Lanlik wurdt nammentlik 1 op de 180 bern mishannele.
De Friezen binne neffens it meldpunt bernemishanneling net agressiver. Mar se dogge wol earder melding fan fertinking fan mishanneling. Benammen de lêste tiid nimt it tal meldings ta.