Dryltser yn hongerstaking

© Omrop Fryslân
Hoedemaker fan Drylts is sûnt ôfrûne snein yn hongerstaking. Dat hat te krijen mei de dea fan syn heit yn 1988. Dy wie doetiids 92 jier en slim siik.
Hy hie syn soan frege him oan in flugge dea te helpen. Dat mislearre, sa dat de man pas in wike letter stoar en Hoedemaker fertocht waard fan moard. Hoedemaker wol no dat der in ûndersyk ynsteld wurdt nei it Iepenbier Ministearje.