Atsma tsjin sâltwinning Frima

29 jan 2002 - 00:00

It Ryk mei de Frima gjin nije konsesje foar sâltwinning jaan, seit CDA-TwaddeKeamerlid Joop Atsma. Hy spruts moandei op útnoeging fan doarpsbelangen Tsjommearum, Easterbierrum, Seisbierrum en Winaam.

Minister Jorritsma moat earst de skea troch grûn-delgong ûndersykje. In twadde konsesje, oftewol fergunning, soe foar 60 jier jilde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)