Brêgen ticht fanwege wyn

28 jan 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Op guon plakken yn Fryslân binne de brêgen moandei net betsjinne. Der stie sa'n fûle wyn, dat de skipfeartynspeksje benaud wie dat it mechanyk fan guon brêgen ferrinnewearre reitsje soe. De brêgen soene dan wiken net iepen kinne.

Under mear de Van Harinxmabrêge yn Ljouwert bleau ticht. De frachtfeart hat troch de maatregel finansjele skea.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)