Wetter stiet heech

© Omrop Fryslân
It wetterpeil is op 't heden yn trochsneed 15 sm te heech. De gemalen op 'e Lemmer en yn Starum wurkje folop. Ek de ôfwettering by Dokkumer Nije Silen en Sâltkamp ferrint goed. De situaasje is dan ek net alarmearjend.
It Wetterskip Fryslân hâldt it peil yn it súdwesten leger as yn 'e Wâlden. De skeane boezem moat oerstreaming fan it leger lizzende gebiet tefoaren komme.