Aldjiersfyt noch net goedmakke

© Omrop Fryslân
Troch de âldjiersploech fan Mûntsjesyl driget it projekt Pulling the Stone te misbetearen. Ein desimber hellen tôgers de stien út Grinslân wie nei it doarp, dêr't er noch leit. Organisator Aslander wegeret him sels op te heljen.
De Friezen moatte de stien mar nei de stêd Grins ta bringe. Dielnimmers oan Pulling the Stone slepe de stien, fan 4600 kilo, fan Delfsyl nei Borger ta.