Mear nijbou foar Skylge

28 jan 2002 - 00:00

Skylge mei 75 wenten mear bouwe fan de provinsje as earst it doel wie. Tusken 2003 en 2010 komme der no 283 huzen by, foar in grut part yn it doarp Midslân.

Skylge hie de oanfraach ferhege omdat der op it eilân sa'n fjirtich wenningsykjenden binne. De provinsje wie benammen te sprekken oer de plannen fan de gemeente om mear hierwenten en goedkeapere keapwenten te bouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)