Spookrider op Wâldwei

28 jan 2002 - 00:00

In spookrider hat sneintejûn in ravaazje feroarsake op 'e Wâldwei. De 76-jierrige Drachtster ried by de slipskoalle by Drachten de wei op en naam de ferkearde helte fan 'e wei. In frontale botsing wie it gefolch.

By it ûngelok wiene ferskate auto's belutsen. De materiële skea wie grut. Twa minsken rekken lichtferwûne. De wei hat in skoft ôfsletten west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)