Van der Veen wint Weissensee
De Jouster reedrider Bert Jan van der Veen hat snein de maratonwedstriid op de Weissensee wûn mei in tiid fan 2:21:51. It gie om it iepen Eastenryks kampioenskip.
Nei 84 ronden hie Van der Veen 31 sekonden foarsprong op Gerben van Hesten, dy't twad waard, en Ard Alderts út Sint Nyk waard tred.