Slim ûngelok yn Grou

© Omrop Fryslân
In jonge fan 19 jier is sneontenacht yn syn wenplak Grou op de P.J. Troelstrawei oanriden. In bestjoerder (21) út it selde plak ried nei alle gedachten te hurd. De plysje trof de fuotgonger op strjitte oan mei de holle nei ûnderen.
De auto stie fierderop tsjin in lantearnepeal. De bestjoerder is in kritike tastân yn it sikehûs opnommen. Der folget noch in ûndersyk.