Iensidich ûngelok

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige bestjoerder út De Wylp is sneontejûn by in ûngelok ferwûne rekke. Hy ried op De Skieding nei Fryske Peallen en is nei alle gedachten de macht oer it stjoer kwyt rekke by in bocht. De wein kaam tsjin in beam en bedarre op 'e kant yn de sleat.
De man dy't net by kennis wie, is troch de brânwacht út de auto helle en nei it sikehûs brocht. De wein wie total loss.