Heerenveen wint fan Sparta

© Omrop Fryslân
SC Heerenveen hat freed mei 1-4 wûn fan Sparta. De Rotterdammers koenen op it wiete fjild mar net op gong komme. Nei in foarsprong foar rêst fan Allbäck, skoarden de Friezen nei de tee mar raak: De Nooijer (75e minút), Lurling (86e minút) en Nurmela (90e minút).
Nettsjinsteande de winst stie trener Foppe de Haan net jûchhei te roppen. De ploech wie net dominant genôch.