Op UTD terrein komme wenningen

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim sil nei jierren fan oerlis it terrein fan UTD yn Akkrum keapje. It fabryk wie oant foarich jier noch produktyf. It terrein fan it eardere feefoederfabryk wurdt skjinmakke.
Der komme wenningen en bedriuwen. De gemeente moat oardel miljoen euro foar it terrein betelje. De gemeente giet der fan út dat de provinsje de helte fan de rekken betellet.