Cambuur ferliest fan RBC
Cambuur hat freedtejûn ferlern fan RBC. De Ljouwerters begûnen goed mei in goal fan Bruin yn de achtste minút. Se kamen yn Roosendaal dochs mei lege hannen te stean doe't RBC twa kear doelman Paauwe foarby kaam.
Cambuurtrener Kruys reagearre teloarsteld op de earste wedstriid nei de winterstop. Hernandez krige in reade kaart.