'Mear omtinken foar fytsers'

© Omrop Fryslân
Ljouwert moat freonliker wurde foar de fytsers. De gemeente tinkt no mear oan de belangen fan de automobilisten. Neffens it fytsbûn moatte der mear fytsrûtes troch de stêd komme. De fytser moat boppedat foarrang krije op mear krusingen en rotondes.
It bûn is min te sprekken oer it stasjon. Der steane te min rekken sadat de fytsen oeral mar parkearre wurde.