Printerij Banda ree te ferhúzjen

© Omrop Fryslân
Kranteprinter Banda yn Kollum is ree mei te wurkjen oan in ferhuzing nei it yndustryterrein by Kollum. Op it stuit sit it bedriuw oan de Foarstrjitte, ticht tsjin it doarpssintrum oan.
Direkteur Banda stelt wol de nedige betingsten by in mooglike ferhuzing. Sa sille bygelyks de oerheden meibetelje moatte. Banda hat krekt in nije parse yn gebrûk naam. Dy kin wol meiferhúzje.